300 bekeurings foar hurdriders

By snelheidskontrôles yn Fryslân binne tongersdei hast 300 minsken op de bon gien. It grutste part fan har krige in bekeuring op de Badwei op De Gordyk. Fan de goed 1600 automobilisten rieden dêr 187 te hurd. De heechste bon wie foar in bestjoerder dy't 77 ried wylst 50 dêr tastien is.
De oare hurdriders waarden betrape op de Hegedyk yn Langsweagen en de Gerdyksterwei yn Beetstersweach.