Wenhûs Dr. Kompenije útbaarnd

By in brân oan de Gerritswyk yn Drachtsterkompenije is yn de nacht fan tongersdei op freed in wenhûs folslein útbaarnd. De 63-jierrige bewenster waard midden yn de nacht wekker en seach dat har sliepkeamer fol reek stie. De rest fan it hûs baarnde doe ek al.
It slagge de brânwacht dêrtroch net mear om in part fan it hûs te behâlden. De frou koe tegearre mei har 66-jierrige man út it hûs komme.