Undersyk nei skipswrakken

Rykswettersteat en archeologen hawwe ferline wike mei dûkers ûndersyk dien nei twa skipswrakken yn de buert fan de Ofslútdyk. It ûndersyk moat foarkomme dat skipsrêsten dy't archeologyske of histoaryske wearde hawwe ferdwine.
De skipswrakken kinne stikken reitsje troch de streaming út in noch te bouwen spuikompleks. Mei de nije spuislûzen kin fan 2016 ôf twa kear safolle wetter út de Iselmar fuortrinne.