Anema hiele seizoen blesearre

Foto: Omrop Fryslân
Haadklassekeatser Alle Jan Anema kin nei syn blessuere op 'e PC it hiele seizoen net mear keatse. Hy sit no mei de foet omheech by syn heit en mem yn Reduzum. Nei alle gedachten hat er de krúsbannen fan syn linkerknibbel skuord. Dat barde doe't er by it útgliidzjen de knibbel ferdraaide.
It fjild wie troch de rein sjippeglêd. De rop om skuon mei noppen wurdt hieltyd lûder, mar dêrtroch giet it fjild wol stikken. It KNKB nimt fan 't hjerst in beslút oer it fuotark.