'Bern Doutzen moat twatalich'
It Fryske topmodel Doutzen Kroes moat har berntsje twatalich opbringe. Dy oprop komt fan 'e Ried fan de Fryske beweging. Ferline moanne waard bekend dat Doutzen Kroes en har freon Sunnery James yn ferwachting binne fan in poppe. De Ried sil har in brief stjoere oer it twatalich grutbringen fan bern.
Doutzen Kroes die earder mei oan 'e kampanje Praat mar Frysk. Se komt oarsponklik fan Eastermar.