Brêge optakele, skippen frij

BSB Staalbouw út Burgum hat lit de Witterbrêge yn Assen troch in kraan optakelje litten. De brêge is boud troch BSB en sûnt snein stikken. It wurk wurdt tongersdei útfierd.
Troch it optakeljen kinne tweintich histoaryske skippen fuort. Dy lizze sûnt snein te wachtsjen. De measten boaten wolle nei de Turfdagen yn Appelskea. BSB tinkt noch in tal wiken nedich te hawwen om de brêge te meitsjen.