Peiner pakt mei XTC
De plysje fertinkt in 23-jierrige ynwenner fan De Pein fan XTC-besit. De man waard woansdeitejûn sliepend yn in auto oantroffen op it Raadhúsplein yn Drachten. Nei alle gedachten wie er ûnder ynfloed fan drugs.
Yn syn auto en klean waarden acht pillen fûn dy't op XTC liken. Se binne yn beslach naam. De man hat in proses-ferbaal krigen.