Pinautomaat opblaasd

05 aug 2010 - 10:25

Yn Aldeboarn is besocht de pinautomaat fan 'e Rabobank op te blazen. Om derby te kommen is in tagongsdoar iepenbrutsen. In foarbygonger seach dat en warskôge de plysje.

Doe't de plysje oankaam, hiene de dieders al besocht de automaat op te blazen. It slagge lykwols net om der jild út te heljen. De plysje docht no ûndersyk nei de dieders. Yn Kollum is sneon ek al besocht in pinautomaat op te blazen. Dêr slagge it ek net jild te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)