Kontenerbrân yn Ljouwert
Yn de Van der Kooijstrjitte yn Ljouwert hawwe woansdeitejûn trije konteners yn 'e brân stien. Omwenners waarden wekker fan in pear lûde knallen en bellen 1-1-2. De brânwacht koe it fjoer gau útmeitsje.
Earder op de jûn makke de brânwacht ek al in kontenerbrân yn de buurt út. De plysje slút brânstifting net út en docht dêrom ûndersyk.