Strjitrôf op It Hearrenfean

05 aug 2010 - 10:01

Twa jonges hawwe yn de nacht fan tiisdei op woansdei besocht op It Hearrenfean in 69-jierrige man te oerfallen. De man rûn oer de Dracht, yn de buert fan de bioskoop.

De jonges sprutsen him oan en seine dat se jild hawwe woene. De Feanster joech oan dat er dat net hie, mar it freegjen gie troch. Ien fan de jonges hie in ûnbekend foarwerp yn de hân en de man fielde him dêrtroch bedrige. Hy rôp om help. De jonges naaiden doe út. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)