Sjalet kemping Wergea útbaarnd
Op kemping de Nieuwe Hoek yn Wergea is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in sjalet ôfbaarnd. De brân wie ûntstien yn in auto dy't neist it simmerhûs stie en sloech dêrnei oer. Troch de brân rekken beide folslein fernield.
De oarsaak fan de brân yn de auto is noch net bekend.