Saak deade hûn noch net oplost

05 aug 2010 - 09:46

De plysje siket opnij minsken dy't mear fertelle kinne oer de deade hûn dy't koartlyn fûn waard yn it wetter by Roptasyl. It bist siet yn in tas dy't swierder makke wie mei stiennen. De plysje giet der dêrom fanút dat de hûn bewust fersûpt is.

Earder waard in frou heard, dy't troch de plysje fertocht waard fan de saak. De frou ûntkent der lykwols wat mei te krijen te hawwen. De minsken dy't har earder meld hawwe as getuge wolle gjin offisjele ferklearring ôflizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)