Van der Bos en dy winne PC

04 aug 2010 - 21:20

It favorite partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat woansdei de 157ste PC wûn. Mar maklik gie dat seker net. Yn in hiel spannende finale op in tige modderich fjild gie it lang lykop tsjin it ferrassend sterke earsteklas-partoer fan Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn. Van der Bos en dy wûnen úteinlik mei 5-5 en 6-2.

Daniël Iseger spruts nei de finale oer in lotterij op in eins ûnbespylber fjild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)