Van der Bos nei de finale

Daniël Iseger
It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger stiet neffens ferwachting yn de finale fan de PC. Yn de heale finale feegden se it earsteklas-partoer fan Marten van der Leest, Pieter Jan Plat en Peter de Boer oan de kant mei 5-1 en 6-0.
Van der Leest en dy ferrasten earder troch de partoeren fan Rutmer van der Meer en Martijn Olijnsma út te skeakeljen. Mar yn de heale finale fûnen se gjin wapens mear om it Van der Bos-en-dy lestich te meitsjen.