Konkoers hippyk Bûtenpost

Foto: Omrop Fryslân
De ekonomyske krisis driget ek ta te slaan by it jierlikse konkoers hippyk yn Bûtenpost. De organisaasje koe folle dreger jildsjitters fine as oars. Dochs binne alle dissiplines wer presint op it evenemint. Kommissaris Jorritsma en de boargemaster iepenen de hynstedei. De jierlikse merk foar hynders fierde dit jier it 450-jierrich bestean. De gemeente drige him ferline jier noch werom te lûken, mar dat is no fan 'e baan.