Húskepark jaget fûgels fuort

It park soe komme op it terrein fan Muiden Chemie
De Fûgelbeskerming hat by de provinsje beswier oantekene tsjin de komst fan fakânsjepark Lauwershage yn it Lauwersmargebiet. Projektûntwikkeler Phanos wol 350 fakânsjehúskes bouwe op it plak fan it eardere krûdfabryk.
As it park der komt, ferdwine de see-earnen en oare fûgels út it Nasjonaal Park Lauwersmar, tinkt de Fûgelbeskerming. De fûgels brûke it gebiet om oan fretten te kommen. Phanos wol ek in seehûnekresj oanlizze. Dat mei net fan de provinsje.