Rjochtsaak MCL om hertkleppen

04 aug 2010 - 15:26

It MCL Ljouwert stapt nei de rjochter om foar te kommen dat se gjin operaasjes mear dwaan meie om fia de hûd hertkleppen te ferfangen. Minister Klink fan folksûnens wol dat it sikehûs fan 15 augustus ôf ophâldt mei dy yngreep. Allinnich fiif sikehuzen yn it suden fan it lân meie dat dan noch dwaan.

It MCL fynt dat noardlike pasjinten de dupe wurde fan it beslút fan minister Klink. Dêrom spant it sikehûs in koart pleit oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)