Biblioteek faker iepen

04 aug 2010 - 13:38
  • Foto: Omrop Fryslân

De iepenbiere biblioteek by de Beurs yn Ljouwert is fan septimber ôf faker iepen. Tenei kin ek op tongersdeitejûn en sneontemiddei boeken, cd's en dvd's liend wurde.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat klanten ferlet hawwe fan de rommere iepenstelling. In soad minsken hawwe oanjûn dat se it noflik fine om bygelyks op de fêste keapjûn in besite te bringen oan de biblioteek. De direksje komt dy groep klanten no temjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)