Partoer Olijnsma útskeakele

04 aug 2010 - 12:01

Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema hawwe yn de earste omloop fan de PC mei 5-5 en 6-6 ferlern fan it partoer Marten van der Leest. Anema foel al nei it earst earst út mei in knibbelblessuere.

Rutmer van der Meer wûn mei 5-4 en 6-4 fan Jan Brandt Wiersma-en-dy. Jan Dirk de Groot en syn maten wûnen mei 5-0 en 6-2 fan it partoer fan Pieter Bakker. It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos is ek troch. Sy wûnen mei 5-1 en 6-4 fan Jelmer Hofstee en dy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)