Bedriging portier op 'e Lemmer

04 aug 2010 - 10:51

Op 'e Lemmer is tiisdeitenacht in portier fan in kafee bedrige. De 35-jierrige man út Rutten spruts de plysje oan doe't dy by him kaam om te freegjen nei in groep ferfelende jongeren. De man fertelde doe dat er bedrige wie troch twa manlju fan 21 jier út De Lemmer en Valkenswaard.

Troch in goed sinjalemint koe de plysje beide manlju letter dy nacht oanhâlde. Ien fan de twa hie him yn in tún ferstoppe. Beiden binne oerbrocht nei it plysjeburo en sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)