Boete op earste dei rydbewiis

04 aug 2010 - 10:42

In 18-jierrige jonge út Waaksens hat op de earste dei dat er syn rydbewiis hie al in boete krigen. De jonge ried tiisdei fierste hurd oer de Wurdumerdyk yn Ljouwert. De plysje hâlde him oan en joech him in boete.

De plysjes fûnen ek softdrugs by him yn 'e auto. Se warskôgen de jonge dat er mei sa'n gedrach net lang fan syn rydbewiis genietsje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)