Frou falt yn sliep by oanjefte

04 aug 2010 - 10:41

In 62-jierrige frou út Sint Jabik is tiisdei yn sliep fallen doe't sy oanjefte dwaan woe by de plysje. De frou kaam dronken it plysjeburo oan de Gardenierswei yn Ljouwert yn. Doe't se har ferhaal die, foel se yn sliep.

De plysje dy't de oanjefte opnaam, sei doe dat se better weromkomme koe as se wer nuchter wie. Dat foel ferkeard. De frou begûn te razen en sei dat se sa net behannele wurde woe. De plysje stjoerde har fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)