Swiere mishanneling Gaastmar

04 aug 2010 - 10:39
  • De plysje is op syk nei twa krusers dy´t út Esch en Mannheim komme

De plysje siket tsjûgen fan de swiere mishanneling yn in haven fan it Grut Gaastmar fan ôfrûne snein. In groep minsken sloech in 72-jierrige man fan It_Hearrenfean meardere kearen tsjin de holle. Hy rekke dêrtroch swier ferwûne.

De groep lei mei twa krusers yn de haven oan de mar, ien út Esch en út Mannheim. De Feanster lei dêr mei syn syljacht. Hy hie de groep oansprutsen op ferfelend gedrach, de groep reagearre dêrop troch de man te slaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)