Minne start foar 157e PC

Foto: Omrop Fryslân
De 157e PC is mei tsjinslach út ein set. Al yn 'e earste twa partijen rekken twa keatsers blessearre. Foar Alle Jan Anema fan It Hearrenfean hie dat de grutste gefolgen: hy moast it toaniel al nei ien earst ferlitte mei in swiere knibbelblessuere.
Tjibbe Hansma glide ek ûnderút op it wiete fjild fan it Sjûkelân, mar hy koe wol fierder. Fanwege it wiete waar hat de PC besletten dat skuon mei blades dochs tastien wurde. Dêrmei hawwe de keatsers mear grip.