157e PC Frjentsjer begûn

04 aug 2010 - 10:00

Yn Frjentsjer is woansdeitemoarn de 157e PC offisjeel út ein set. Neffens tradysje wie der in resepsje yn de Koarnbeurs dêr't PC-foarsitter Johannes Westra de oanwêzigen taspruts.

Dêrnei waard it winnende partoer fan ferline jier mei in koets troch de stêd riden. Der wurde 10.000 keatsleafhawwers yn Frjentsjer ferwachte. Omrop Fryslân docht de hiele dei ferslach fan de PC op radio, tillevyzje en ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)