Andy Schleck wint Profronde

03 aug 2010 - 21:22
  • It poadium fan Surhústerfean (foto: Sportfoto.nl)
  • Andy Schleck komt oer de einstreek (foto: Sportfoto.nl)

De Lúksemboarger Andy_Schleck hat tiisdeitejûn de profronde fan Surhústerfean wûn. De nûmer twa út de lêste Tour de France bleau yn de spannende einfaze Robert_Gesink en regionaal favoryt Lieuwe_Westra foar.

Schleck is yn Surhústerfean de opfolger fan Tourwinner Alberto_Contador, dy´t ferline jier de bêste wie. Schleck is de lêste dagen súksesfol yn de kriteariums. Moandeitejûn wie er ek al earste yn Roosendaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)