Roze Zaterdag net yn Ljouwert

03 aug 2010 - 12:22

De Rôze Sneon is yn 2012 net yn Ljouwert. De organisaasje hat keazen foar Haarlim. Neist Ljouwert en Haarlim hiene harren noch twa gemeenten oanmelden, mar de striid gie tusken Ljouwert en Haarlim. Dat it dochs Haarlim wurden is, hat te krijen mei de diversere gearstalling fan 'e inisjatyfgroep dêr.

Alle jierren wurdt ien plak keazen. De organisaasje wol it homo-evenemint ferspraat oer Nederlân hâlde. Takom jier is de Roze Zaterdag yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)