Undersyk Starum noch net klear

Foto: Omrop Fryslân
De Onderzoeksraad voor de Veiligheid hat noch seker dizze wike nedich foar it ûndersyk nei it ûngelok mei de slyptrein yn Starum. Der wurde noch tsjûgen heard. Freed en yn it wykein wurdt oan in earste rapport wurke. Nei alle gedachten komt der yn 'e rin fan takom wike mear dúdlikens oer wat yn de nacht fan snein op moandei 26 july misgie. Doe ried in slyptrein fan it Switserske bedriuw Speno troch in stjitblok in wettersportwinkel folslein midstwa.