Geurrapport moat útkomst biede

03 aug 2010 - 11:39

Wethâlder Bos fan Dantumadiel tinkt noch dizze simmer dúdlikens te hawwen oer de stank fan Teeling Petfood yn Feanwâlden. It bedriuw fierde sûnder fergunning in proef út mei in nije ynstallaasje foar minder stankoerlêst. De gemeente lei dêrop in twangsom op.

It bistefrettenfabryk besocht de twangsom by de Rie fan Steat fan tafel te krijen, mar dat slagge net. Op 13 septimber moat it fabryk in rapport klear hawwe oer de geur. Dan wit de gemeente ek wêr't se oan ta binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)