Stuhr-Ellegaard bliuwt langer

03 aug 2010 - 11:18

SC Hearrenfean hat de staazje fan Kevin Stuhr-Ellegaard met twa dagen ferlingd. Yn oerliz mei Johan Hansma en Ron Jans is besletten dat de Deenske keeper yn de oefenwedstriid fan de beloften tsjin Quick'20 op doel stiet. Dy wedstriid wurdt tiisdei om 19.00 oere spile yn Oldensaal.

De 27-jierrige Stuhr-Ellegaard wie earder aktyf by ûnder oare Manchester City en Hertha BSC, al wie er dêr benammen twadde doelman. Stuhr-Ellegaard is transfer-frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)