Botsing tsjin autodoar
In 21-jierrige frou út Ljouwert is moandeitejûn ferwûne rekke doe't se op 'e fyts tsjin in auto oan botste. De 22-jierrige bestjoerder hie syn auto op 'e Tunen oan de kant set en die it portier iepen. Hy hie de frou op de fyts net oankommen sjoen. Se koe net mear om 'e autodoar hinne en klapte dertsjinoan.
It slachtoffer is nei it sikehûs ta brocht.