Hynder skopt man bewusteleas

03 aug 2010 - 11:15

In 33-jierrige man út Gryptsjerk yn Grinslân is moandeitmiddei yn Wynjewâld ferwûne rekke doe't er in traap fan in hynder krige. It slachtoffer soe mei in tou in hynst fêsthâlde, mar it hynder waard wyld en begûn om him hinne te skoppen.

It slachtoffer krige in traap tsjin de holle en rekke út 'e tiid. Hy is nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)