Man biedt plysje drugs oan

In 24-jierrige man is moandeitejûn yn Ljouwert oanhâlden doe't er drugs oan in plysje ferkeapje woe. De plysjeman wie net yn unifoarm doe't er by de Nauwesteeg troch de drugshanneler oansprutsen waard. By de oanhâlding slokte de hanneler de drugs gau troch en hy fersette him bot.
Kollega's fan de plysjeman namen de drugshanneler mei. It jild dat de man by him hie, is yn beslach naam.