RTL 4: SC Hearrenfean sûn

02 aug 2010 - 19:57

Sportklup Hearrenfean is as iennichste klup yn de earedivyzje finansjeel sûn, seit televyzjestjoerder RTL4. Fuotbalbûn KNVB komt woansdei mei in rapport oer de finansjele sitewaasje fan de klups yn de eare- en earste divyzje. De redaksje RTL Nieuws hat nei eigen sizzen de gegevens no al.

Neist Hearrenfean binne ek trije klups út de earste divyzje finansjeel sûn. By ienentweintich, wêrûnder Cambuur, is de sitewaasje soarchlik en tolve klups komme ûnder kuratele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)