Berop Teeling Petfood ôfwiisd

De Raad van State hat it berop dat Teeling Petfood yn Feanwâlden yntsjinne hie tsjin in twangsom fan de gemeente Dantumadiel ôfwiisd. Dantumadiel hie de twangsom ûnder oare oplein omdat it bistefrettenfabryk in proef útfiert sûnder dat dêr fergunning foar ferliend is.
By de proef wol Teeling besjen hoe't stankoerlêst foar omwenners fermindere wurde kin. Mei de útspraak van de Raad van State komt der no in ein oan de proef.