Syltocht asylsikersbern

In pear dagen derút om te ûntspannen en te genietsjen. Sa'n fakânsjegefoel is foar bern fan asylsikers soms hiel fier fuort. Dat moat oars, tochten de minsken fan Stichting Friendship 2000 en Stichting Vrolijkheid.
Op inisjatyf fan de beide stiftings krije trettjin asylsikersbern tusken de 12 en 16 jier de kâns om in pear dagen los te kommen fan har drege thússituaasje. It opstapplak wie Makkum. De bestimming is de Fryske Waadeilannen.