Ferwûne by bedriuwsûngemak

By in bedriuwsûngemak op It Hearrenfean is moandei in 29-jierrige man út Wolvegea swierferwûne rekke. Hy wie by in houtbedriuw oan de Wolfraamwei dwaande asbest platen fan it dak te heljen. De man foel troch in gat dêr't gjin platen leine acht meter nei ûnderen. Syn fal waard brutsen troch ferljochting.
It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei de saak.