Topsalaris foar Wander Blaauw

Bestjoersfoarsitter Wander Blaauw fan Soarchgroep Noorderbreedte hat ien fan de heechste salarissen yn de soarchsektor. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Het Financieel Dagblad. Dy hat de jierferslaggen fan alle sikehûzen njonken elkoar lein.
Soarchgroep Noorderbreedte is de oerkoepeljende organisaasje fan ûnder oaren it MCL-sikehûs yn Ljouwert. Blaauw fertsjinne ferline jier goed 350.000 euro, it dûbele fan de balkenende-noarm.