Brantsjestoker fan Skylge set

In 19-jierrige jonge út Oosterblokker (Noard-Hollân) is sneintejûn oanhâlden nei't er op de kemping by Formearum op Skylge in kontener yn 'e brân stutsen hie.
Bewakers fan de kemping wiene de jonge al op it spoar en hiene him de rommel opromje litten. De plysje joech de knaap noch in proses-ferbaal. Hy is fan de kemping ôfset en moast it eilân daliks ferlitte.