Hurdfytser ûnderút

02 aug 2010 - 09:55

In 46-jierrige hurdfytser út Ljouwert is snein ferwûne rekke neidat er mei syn fyts ûnderút gie. De man fytste yn in groep fan fiif hurdfytsers op de Drachtsterwei, doe't er mei syn foartsjil yn it achtertsjil fan de fyts foar him hingjen bleau. Hy foel en rekke ferwûne oan syn heup en skouders.

Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)