Winst partoer Maaike Wind

Leonie van der Graaf (foto: Henk Bootsma)
De frije formaasje foar froulju yn Tsjummearum is snein wûn troch it partoer Maaike Wind, Sjoukje Visser en Afke Hijlkema. Yn in tige spannende finale mei alles oan de hang 5-5 en 6-6 waard wûn fan Afke Kuipers, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.
De lytse preemje wie foar Margriet Koelmans, Romy van der Veen en Bianca van der Veen.