Helmholt wint yn It Heidenskip

01 aug 2010 - 17:11

De finale fan de Nasjonale Fierljepmanifestaasje op It Heidenskip is snein wûn troch Bart Helmholt mei in sprong fan 20.53 meter. By de junioaren wie Albert-Jan Venema de bêste mei 18.70 meter. Age Hulder wie mei 17.93 meter by de jonges de sterkste. By de froulju gong de priis nei Hollân, Wendy Helmes wûn mei 15.46.

Bart Helmholt ljepte sneon al in nei skânsrekôr fan 20.72 meter. Fanwege de rein gie de wedstriid doe net troch. Dy is doe nei snein ferskood.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)