Favoriten winne generale PC

01 aug 2010 - 16:48

De 'generale' foar de PC, de frije formaasjepartij yn Wytmarsum, is wûn troch it favorite partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Sy wûnen de iensidige finale mei 5-0 en 6-0 fan Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra.

It partoer Van der Meulen sit al in skoftke yn in minne rite en wie tige bliid mei it twadde plak. De lytse preemje wie foar Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)