Famke (4) ferwûne by fal

01 aug 2010 - 15:14

By in ûngelok yn de Johan Roordastrjitte yn Tsjummearum is sneintemiddei in 4-jierrich famke ferwûne rekke. It famke foel, mar hoe't dat krekt barre koe, is net dúdlik. It famke is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht. Se hat wierskynlik harsenletsel oprûn.

De traumahelikopter wie ek oproppen en in dokter fan it traumateam is meiriden yn de ambulânse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)