Twa bekeuringen yn selde auto

31 jul 2010 - 15:02

De plysje hat freedtenacht twa Wolvegeasters oanhâlden foar it riden mei drank op yn deselde auto. In 22-jierrige man waard bekeurd foar it riden sûnder rydbewiis en mei drank op. Hy joech de autokaaien oan de 24-jierrige eigner fan de auto, dy't in oere letter oanhâlden waard.

In blaastest makke dúdlik dat hy ek tefolle dronken hie, hy krige in bekeuring en in rydferbod fan njoggen oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)