Jonge smyt stien troch rút

De plysje hat freed yn Drachten in 14-jierrige jonge út Almere oanhâlden op fertinking fan fernielerij. Tsjûgen seagen dat de jonge in stien troch de ruten fan in basisskoalle oan de Frisia smiet.
De plysje waard fuortendaliks belle en dy koe de jonge yn de buert fan de skoalle oanhâlde. Hy waard meinommen nei it plysjeburo, dêr't proses-ferbaal tsjin him opmakke waard.