Fakbûn: koade foar köoperaasje

31 jul 2010 - 10:04

It Nederlânske Melkfeehâlders Fakbûn wol dat der in wetlike gedrachskoade foar suvelkoöperaasjes komt. Sy fine dat de koöperaasjes no te min dúdlikheid jouwe oer bygelyks de leanen fan de top fan de suvelkoöperaasjes. In wetlike gedrachskoade soe neffens it fakbûn goed wêze foar de leden en de organisaasje.

Sa'n koade soarget foar mear ynsjoch en dêrtroch foar mear belutsenheid fan de leden by de organisaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)