Bak Nielsen ferlit Hearrenfean

Kristian Bak Nielsen
Hearrenfeanspiler Kristian Bak Nielsen sil sa goed as wis Hearrenfean ferlitte. De Deenske klup FC Midtjylland hat belangstelling foar Bak Nielsen en Hearrenfean stiet iepen foar in transfer fan de ferdediger. De 27-jierrige Deen giet syn fjirde jier yn by Hearrenfean. Dêrfoar spile hy ek al foar FC Midtjylland.
Hearrenfeantrainer Ron Jans befestiget de ynteresse. Mocht Bak Nielsen fuort gean, dan tinkt Jans dat der gjin ferfanger foar him oanlutsen wurdt.