Cambuur kin Sivasspor net oan

30 jul 2010 - 19:16

Sportklup Cambuur hat it trainingskamp yn Garderen ôfsletten mei in 3-0 ferlies tsjin it Turkske Sivasspor. Cambuur spile in goede earste helte, mar kaam net ta skoaren. De doelpunten foelen oan de oare kant. Sivasspor kaam op foarsprong nei in ûngelokkige botsing tusken keeper Robbert Te Loeke en Leon Hese. Hese foel dêrnei út mei klachten oan de holle en de nekke.

Foar it skoft waard it ek noch 2-0. Yn de twadde helte besocht Cambuur it noch wol, mar nei de 3-0 wie it dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)