Man ferstoarn by ûngelok Blije

30 jul 2010 - 18:57
  • Nei in syktocht die bliken dat der ien slachtoffer wie
  • foto's: Henk Koster 112-nof.nl

By in iensidich ûngelok op de Heskamperwei yn Blije is freedtemiddei in 52-jierrige man út dat doarp om it libben kaam. De man is mei syn auto yn it wetter telâne kaam. Helptsjinsten hawwe noch besocht him te reanimearjen, mar dat is net slagge.

Der is ek noch yn it wetter om de auto hinne socht nei oare slachtoffers, mar dy binne net oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)